Menu's fan Firefox

Dit artikel wurdt net mear ûnderhâlden, dus de ynhâld derfan kin ferâldere wêze.

It ûndersteande oersjoch beskriuwt elk menuûnderdiel yn it haadfinster fan Firefox.

Ynhâldsopjefte


Firefox

Oer Mozilla Firefox

Jout in dialoochfinster wer mei ynformaasje oer Firefox, ynklusyf

de aktuele ferzje en in koarte list fan meiwurkers.


Foarkarren...

Jout it finster OpsjesFoarkarren wer,

dêr't jo in soad opsjesFoarkarren yn Firefox wizigje kinne.


Firefox ôfslute

Slút alle iepensteande finsters fan Firefox, ynklusyf alle aktive ynlaadaksjes,

en slút Firefox folslein ôf. As jo dit menu-elemint kieze mei
iepen ljepblêden, finsters of ynlaadaksjes, sil Firefox jo freegje om jo kar te befêstigjen
om by fersin sluten tefoaren te kommen. Jo kinne dy warskôging útsette troch it fekje 
Warskôgje by it sluten fan mear as ien ljepblêd út te finkjen yn it paniel Ljepblêden fan Ekstra > OpsjesEkstra > FoarkarrenFirefox > Foarkarren.
Firefox sil jo ek warskôgje as jo op dat 
stuit bestannen ynlade.


Bestân

Nij Finster

Iepenet in nij finster fan Firefox.


Nij ljepblêd

Iepenet in nij ljepblêd yn it iepensteande finster fan Firefox.


Lokaasje iepenje...

Ferpleatst it fokus nei de URL-balke fan Firefox dat jo sadwaande in nije lokaasje dy't jo besykje wolle, yntype kinne.


Bestân iepenje...

Jout it dialoochfinster Bestân iepenje wer dêr't jo in bestân fan jo lokale

skiif of netwurk mei selektearje kinne. Yn Firefox kinne jo gâns bestânstypen iepenje,
ynklusyf HTML/XML-bestannen, ôfbyldings, tekstbestannen, ensafuorthinne.


Finster slute

Slút it aktuele finster.


Ljepblêd slute

Slút it aktuele ljepblêd en selektearret it folgjende ljepblêd oan de rjochterkant. Dit menuelement is

allinnich sichtber as op dit stuit mear as ien ljepblêd fan 'e browser iepen stiet.


Side bewarje as...

Slacht de aktuele side op. Jo hawwe de mooglikheid om de hiele side (kompleet mei ôfbyldings)

op te slaan, allinnich de aktuele HTML-side of allinnich de tekst fan de side.


Keppeling ferstjoere...

Iepenet in finster fan it standert-e-mailprogramma fan jo kompjûter om in e-mail op te stellen,

dat jo sadwaande in berjocht ferstjoere kinne mei in keppeling nei de aktuele webside.


Side-ynstellings...

Jout it dialoochfinster side-ynstellings wer dêr't jo ôfdrukynstellings mei ynstelle kinne, lykas

marzjes, kop- en foetteksten en de oriïntaasje fan de side mei opjaan kinne.


Ofdrukfoarbyld

Jout in foarbyld fan hoe't de aktuele side der útsjocht as er ôfdrukt is. It toant de ynfloed

fan 'e yn it finster Side-ynstellings keazen ynstellings en de bedoelings fan de auteur fan de
side.


Ofdrukke...

Jout it dialoochfinster Ofdrukke wer dêr't jo ûnder oaren it tal ôf te drukken kopyen ynjaan kinne.

Klik op OK om de side ôf te drukken.


Ymportearje...

Iepenet it dialoochfinster Ymportearassistint, dat it jo mooglik makket opsjes, blêdwizers, skiednis,

wachtwurden en oare ynformaasje fan browsers lykas Microsoft Internet
Explorer, Netscape, Mozilla of Opera te ymportearjen.


Sûnder ferbining wurkje

Skeakelet oer tusken de mei-ferbining- en sûnder-ferbining-modus. Yn de sûnder-ferbining-modus kinne jo sûnder dat jo mei

it ynternet ferbûn binne, websteeën besjen dy't jo al earder besocht hawwe.


OfsluteOfslute

Slút alle iepensteande finsters yn Firefox, ynklusyf alle aktive ynlaadaksjes,

en slút Firefox folsein ôf. As jo dizze opsje kieze wylst 
ljepblêden, finsters iepen steane of ynlaadaksjes rinne sil Firefox jo freegje om jo kar
te befêstigjen om it by fersin ôfsluten te foaren te kommen.

Jo kinne dy warskôging útsette troch it fekje

Warskôgje by it sluten fan mear as ien ljepblêd út te finkjen yn it paniel Ljepblêden fan Ekstra > OpsjesEkstra > FoarkarrenFirefox > Foarkarren.
Firefox sil jo ek warskôgje as jo op dat 
stuit bestannen ynlade.


Bewurkje

Ungedien meitsje

Makket de lêste aksje yn in webformulier ûngedien. Brûk it kommando Op ' nij útfiere

as jo letter beslute dat jo in aksje net ûngedien meitsje woenen.


Op 'e nij útfiere

Fiert it kommando dat as lêste ûngedien makke is op 'e nij út.


Knippe

Knipt de selektearre tekst út in webformulier en slacht dy op it klamboerd op. Plak

de tekst op in oar plak troch it kommando Plakken te brûken.


Kopiearje

Kopiearret de selektearre tekst nei it klamboerd. Plak de tekst op in oar plak troch it

kommando Plakken te brûken.


Plakke

Plakt op it klamboerd bewarre tekst yn in tekstfjild.


Fuortsmite

Smyt de selektearre tekst út in webformulier fuort.


Alles selektearje

Selektearret alle tekst op 'e side.


Yn dizze side sykje...

Toant de sykbalke ûnder yn it finster fan de browser. Jou de

tekst dy't jo sykje wolle yn 'e wurkbalke yn en Firefox sil wylst jo type automatysk de 
earste oerienkomst mei de ynfierde tekst op 'e side fine
en selektearje. Klik op Folgjende sykje of Foargeande sykje om de tekst
op oare lokaasjes op 'e side te sykjen en klik Markearje om alle
oerienkommende tekst op 'e side te markearjen.


Op 'e nij sykje

Siket nei it folgjende fynplak fan de tekst by it brûken fan it kommando

Yn dizze side sykje... opjûn is.


OpsjesFoarkarren

Jout it finster OpsjesFoarkarren wer,

dêr't jo in hiele protte opsjesFoarkarren yn Firefox wizigje kinne.


Byld

Wurkbalken

Navigaasjewurkbalke

Toant of ferberget de navigaasjewurkbalke, dy't yn gewoane tastân de

standert navigaasjeknoppen op steane (Tebek, Foarút, Ofslute, ensfh.).


Blêdwizerwurkbalke

Toant of ferberget de blêdwizerwurkbalke. Dêr stean de blêdwizers

nei allegear websites op.


Oanpasse...

Jout it dialoochfinster wer dêr't de wurkbalken mei oanpast wurden kinnen. Jo kinne wurkbalkeknoppen fan

en nei de wurkbalken slepe en pleatse. Jo kinne ek mei de rjochter mûsknopdrukke op Ctrl en op 'e navigaasjewurkbalke klikke en Oanpasse... selektearje om dit dialoochfinster te toanen.


Steatbalke

Toant of ferberget de steatbalke, dy't ûnderoan it finster te finen is.

De steatbalke jout handige ynformaasje wer oer de side, mar is net foar
elkenien nedich.


Sydbalke

De sydbalke kin jo ynladen bestannen, blêdwizers of de skiednis werjaan.

Jo kinne de sydbalke altyd slute troch op de X yn 'e rjochter boppehoeke te klikken.


Blêdwizers

Jout de sydbalke Blêdwizers wer, dy't jo blêdwizers altyd sjen lit.

Dat kin handich wêze as jo de blêdwizers faak brûke.


Skiednis

Jout de sydbalke Skiednis wer, dy't byhâldt hokker websteeën jo besocht hawwe.

Kies it paniel Privacy yn Ekstra > OpsjesEkstra > FoarkarrenFirefox > Foarkarren om oan te jaan hoefolle dagen in webstee yn it ûnthâld stean moat.


Beëinigje

Beëiniget it laden fan 'e aktuele side dy't jo besykje. Dat is itselde as

it klikken op 'e knop Beëinigje op 'e wurkbalke.


Op 'e nij lade

Brûk dit kommando om de aktuele side te ferfarskjen of de nijste ferzje

op te heljen. Dat is itselde as it klikken op 'e knop Op 'e nij lade op 'e wurkbalke.


Tekstgrutte

As de tekst op in webside te lyts of te grut is, kinne jo dat feroarje nei in grutte dy't jo mear

nei't sin is.


Fergrutsje

Jout de tekst op 'e webside in slach grutter wer. Jo kinne dit ek mei de mûs

dwaan (sjoch Mûskombinaasjes foar ynstruksjes).


Ferlytsje

Jout de tekst op 'e webside in slach lytser wer. Jo kinne dit ek mei de mûs

dwaan (sjoch Mûskombinaasjes foar ynstruksjes).


Normaal

Jout de tekst op 'e webside yn gewoane grutte wer.


Sidestyl

Jout jo de mooglikheid in styl foar de aktuele webstee te selektearjen. Standert is

"Basis sidestyl" selektearre of it moast wêze dat de auteur in oare standertstyl
opjûn hat.


Gjin styl

Rommet de stylopmaak fan de side op.


Basis sidestyl

Jout de side yn in algemiene, troch de auteur spesifisearre, styl wer.


As de auteur ekstra sidestilen spesifisearre hat, sil Firefox

dy hjir opneame dat jo sadwaande ien útkieze kinne.


Tekensetkodearring

Makket it jo mooglik om de tekenset fan in webside hânmjittich te wizigjen.

Firefox docht soks oars automatysk.


Sideboarne

Jout de boarnekoade fan it aktuele dokumint.


Folslein skerm

Jout it finster yn in folslein-skermmodus wer. As jo de navigaasjewurkbalken ferburgen

hawwe, kinne jo it finster altyd weromkrije troch op F11 te drukken.


Gean

Yn it menu Gean stiet in list mei de krekt lyn besochte websiden.


Tebek

Giet ien bledside tebek yn 'e skiednis. Itselde as klikke op 'e knop Tebek op 'e navigaasjewurkbalke.


Foarút

Giet ien side foarút yn 'e skiednis. Itselde as klikke op 'e knop

Foarút op 'e navigaasjewurkbalke.


Begjinside

Jout de begjinside wer. Dat is itselde as klikke op de

knop Begjinside op 'e navigaasjewurkbalke.
Selektearje Algemien yn Ekstra > OpsjesEkstra > FoarkarrenFirefox > Foarkarren om de begjinside te wizigjen. 
Jo kinne kieze út in lege side, de aktuele side (of in kloft ljepblêden), in blêdwizer of om in hânmjittich ynfierd
adres te brûken.


Skiednis

Jout de sydbalke Skiednis wer, dy't byhâldt hokker websteeën jo besocht hawwe.

Kies it paniel Privacy yn Ekstra > OpsjesEkstra > FoarkarrenFirefox > Foarkarren om oan te jaan hoefolle dagen in webstee yn it ûnthâld stean moat.


Blêdwizers

Yn dit menu steane alle bewarre blêdwizers.


Blêdwizer fan dizze side meitsje...

Heakket de aktuele side ta oan de samling blêdwizers. Dêrta wurdt in dialoochfinster toand

dêr't in titel foar de blêdwizer ynfierd wurde kin en dêr't yn oanjûn wurde kin yn hokker map de blêdwizer
opslein wurde moat.


Blêdwizer foar alle ljepblêden meitsje...

Heakket alle ljepblêden yn it aktuele finster oan in nije blêdwizermap ta. Dêrta wurdt in dialoochfinster toand dêr't in namme foar de map ynfierd wurde kin en dêr't yn oanjûn wurde kin wêr't by bewarre wurde moat.


Blêdwizers beheare...

Toant de blêdwizerbehearder. Dat is in finster dêr't jo de blêdwizers mei beheare kinne.

Se kinne oardere, op 'e nij beneamd wurde of de eigenskippen kinne oanpast wurde. Jo kinne se hjir ek tafoegje, fuortsmite of ferpleatse.


Ekstra

Sykje op it web

Lit it fek Sykje op it web opljochtsje. No kinne jo de termen dy't jo op it web opsykje wolle yntype.


E-mail lêze

Iepenet jo e-mailprogramma om jo e-mail lêze te kinnen.


Nij berjocht...

Iepenet in finster foar it opstellen fan in berjocht yn it standert e-mailprogramma fan jo kompjûter. Sa

kinne jo in e-mailberjocht oan immen stjoere.


Ynladen bestannen

Iepenet de ynlaadbehearder, dêr't jo de aktuele en de ôfhannele ynlaadaksjes mei besjen kinne.


Utwreidings

Iepenet de útwreidingsbehearder, dêr't jo alle yn dizze ferzje fan Firefox

ynstallearre útwreidings mei besjen kinne. Jo kinne út dit dialoochfinster wei ek kieze om útwreidings fuort te smiten. Sjoch it helpûnderwerp Utwreidings, foar mear
ynformaasje.


Tema’s

Iepenet de temabehearder. Hjirwei kinne jo it aktuele tema dat Firefox brûkt feroarje.

Jo kinne mei dit dialoochfinster ek tema's ynstallearje en opromje. Sjoch it helpûnderwerp
Tema’s foar mear ynformaasje.


JavaScript-betsjinningspaniel

Iepenet it JavaScript-betsjinningspaniel, dêr't swierrichheden mei de JavaScript-koade yn byhâlden wurde.

JavaScript is in skripttaal dy't brûkt wurdt foar it bouwen fan websiden. Programmeurs brûke JavaScript
om websteeën ynteraktiver te meitsjen; JavaScript wurdt faak brûkt om dynamysk formulieren jildich te meitsjen
en knoppen te selektearjen.


Side-ynfo

Jout brede ynformaasje wer oer de aktuele webside, lykas it soarte fan

dokumint, tekenset, grutte en befeiligingsynformaasje. Dit dialoochfinster jout ek listen mei
de op 'e side brûkte media en keppelings wer.


Privee-ynformaasje opskjinje...

Rommet de ynformaasje op dy't selektearre is yn it

dialoochfinster Privee-ynformaasje opskjinje Privacy fan Ekstra > OpsjesEkstra > FoarkarrenFirefox > Foarkarren. Jout standert in dialoochfinster foar befêstiging.


OpsjesFoarkarren

Jout it finster OpsjesFoarkarren wer,

dêr't jo in hiel soad opsjesFoarkarren yn Firefox mei wizigje kinne.


Finster

Minimalisearje

Minimalisearret it aktuele finster.


Zoom

Fergruttet of jout it aktuele finster de eardere grutte.


(Iepen finsters)

Dit menu jout alle iepensteande finsters mei harren titel wer.


Help

Helpynhâld

Iepenet it finster Firefox Help, dat handige ynformaasje befettet

dy't jo helpe kin by it sneupen op it web.


Foar Internet Explorer-brûkers

Iepenet it Helpfinster mei ynformaasje om brûkers fan Internet

Explorer te helpen mei it oerstappen nei Firefox.


Utjefte-opmerkings

Jout ynformaasje oer it ynstallearjen, de-ynstallearjen

en konfigurearjen fan Firefox, en ek oare wichtich ynformaasje 
in resinte oankundigings. Hjir is in aktive ynternetferbining foar nedich. 


Stikken webstee rapportearje...

Jout jo de mooglikheid om websteeën dy't net goed wurkje yn Firefox oan de Firefox-ûntwikkelders te rapportearjen.


Kontrolearje op updates...

Giet nei oft der ek updates foar Firefox en jo útwreidings binne. As dy der binne, sil Firefox

in list toane en kinne jo de updates útsykje dy't jo ynstallearje wolle.


Firefox oanrikkemandearje

Iepenet in webside dy't jo ynformaasje jout oer hoe't jo Firefox

oanrikkemandearje kinne.


Oer Firefox

Jout in dialoochfinster wer mei ynformaasje oer Firefox, ynklusyf

de aktuele ferzje en in koarte list mei meiwurkers.


Auteursrjocht © 2003-2005 Meiwurkers fan it Mozilla Help Viewer Projekt.

Dizze aardige minsken hawwe holpen by it skriuwen fan dit artikel:

Illustration of hands

Frijwilliger wurde

Lit jo ekspertize groeie en diel dizze mei oaren. Beäntwurdzje fragen en ferbetterje ús kennisbank.

Mear ynfo